Ferline wike waard it ‘meast ferskriklike’
Fryske wurd keazen: wiif. Myn kar hie it net west, mar it is te begripen.
Oarspronklik betsjut it gewoan ‘troude frou, echtgenoate’, mar allinnich âldere
mannen brûke ‘it wiif’ noch op dy manier. Foar de measte Fryskpraters klinkt
‘wiif’ yntusken ridlik ûnfatsoenlik. Foar guoddens (♀) blykber sels misledigjend.
Yn de top-5 fan ferskriklike wurden stiet
lykwols ek ‘iepenbier ferfier’. Apart. Fansels reizget net elkenien graach mei
bus of trein, mar dêr wurdt it wurd op himsels net ympopulêr fan.
Miskien dat it oan de /ie/-lûden lein hat? Dy
klinke ommers suver as piipjende remmen. Se meitsje dat ‘iepenbier ferfier’
nammerste mear opfalt as in lienoersetting út it Nederlânsk.
Lienoersetting is in fertroud taalkundich
prosedee, sawol by it skriuwen as it praten. It risseltaat is soms dat it Frysk
telâne komt op in oar nivo as foarhinne. Net elk is soks wend, miskien wol om’t
se by gebrek oan goed ûnderwiis yn it Frysk mei nuvere foaroardielen opskipe
sitte oer harren taal. Mar foar my heart iepenbier ferfier yn deselde kategory
as bgl. ‘riedsgearkomste’ en ‘sûnenssoarch’ – folle poëzij sit der net yn, mar
se hearre ûndertusken al by it Frysk.
Bliuw ik dochs sitten mei nóch in fraach. Wat
skeelde der dan neffens de ynstjoerders yn de frede oan it moaie nij-Fryske
wurd ‘pjutteboartersplak’...?
No eefkes as kursist Frysk skriuwe, ik fyn it allegear moaie wurden súkses mei it staazjerinnen en oant nije wike! (ik hoopje dat ik alles goed skreaun haw. https://ypieblogt.blogspot.nl
BeantwoordenVerwijderen